De Kast hat spul mei De Jong

© Omrop Fryslân
De fiif bandleden fan 'e âlde formaasje fan De Kast slepe harren eardere manager Klaas de Jong foar de rjochter. De bandleden easkje 131.000 euro werom fan De Jong. Neffens de bandleden hat De Jong in te grut part fan it neilittenskip fan 'e band opstrutsen.
De bandleden wolle ek ynsjoch yn de boeken fan it bedriuw ProActs fan De Jong. Klaas de Jong stapt op syn beurt ek nei de rjochter. Hy wol krekt mear jild fan de bandleden.