De Kast ein maart yn Drachten

© Omrop Fryslân
De Kast sil op 29 maart foar it earst optrede mei de nije sjonger Jan Tekstra. De band spilet dan yn Drachten inkelde nûmers live yn it radioprogramma Spijkers met Koppen. It earste konsert fan 'e nije Kast stie pland foar heal maaie, mar de band is dus al earder te sjen en te hearren.
Spanner, de nije Ingelsktalige band fan 'e eardere Kast-sjonger Syb van der Ploeg, wie it ôfrûne wykein al te sjen yn De Harmonie yn Ljouwert.