Jorritsma nimt bedriuw oer
Boubedriuw Jorritsma út Boalsert nimt in boubedriuw yn Stadskanaal oer. It giet om Meijering en Benus dat fallyt rekke is. Troch de oername gean 50 fan de 130 banen ferlern. Jorritsma nimt 80 minsken mei oer.
It fallite bedriuw hâldt nei de oername de namme Meijering en Benus. It hat in skuld fan 10 miljoen euro. De ferwachting is dat de jieromset fan de Jorritsma Groep omheechgiet nei sawat 100 miljoen euro.