Jild foar Jister Twizelerheide?

11 feb 2003 - 00:00

Twizelerheide wol jild fan de gemeente Achtkarspelen hawwe foar doarpshûs De Jister. Dat is nedich om it gebou oan te keapjen. De behearsstifting hat it gebou oernommen fan Thuiszorg De Friese Wouden. Se giene derfanút dat de gemeente ek meibetelje soe. Oare doarpen krije ek jild fan de gemeente foar in doarpshûs.

Boargemaster en wethâlders hawwe noch neat tasein en moatte noch te set oer it fersyk fan Twizelerheide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)