CDA en PvdA ha ferkiezingsspul

© Omrop Fryslân
CDA-listlûker Jan Ploeg freget him ôf oft de PvdA nei de ferkiezings wol mei syn partij yn in kolleezje wol. Ploeg sei dit moandei yn Donkerbroek as reaksje op PvdA-listlûker Anita Andriesen. Dy neamde it CDA earder de partij fan 'vrijheid, blijheid'.
CDA-deputearre Bijman fynt dat it CDA de deputearre foar romtlike oardering leverje moat. Dy soe dan ynsette moatte op partikulier agrarysk natoerbehear yn plak fan it oankeapjen fan boeregrûn.