Groei Admiraliteitshûs tichtby

© Omrop Fryslân
It Admiraliteitshûs yn Dokkum liket útwreidzje te kinnen. It museum is al jierren te krap bemetten en wol graach de oangrinzjende Baptistetsjerke oernimme.
De gemeente Dongeradiel sjocht de oername no wol sitten en foar de baptisten is in oar plak fûn. Yn de nije romte moat in gruttere eksposysje komme oer Bonifatius. Dy soe al op 5 juny iepenje moatte. Dan begjint de grutte Bonifatiusbetinking.