Oerol hâldt 'simmerferkeap'

© Omrop Fryslân
Oerol docht op 1 maart 'de simmer yn de útferkeap'. Oerol en teatergroep The Lunatics sille dan yn Paradiso yn Amsterdam de 'simmerkolleksje' feile. Ferskate teatergroepen biede har guod en klean te keap oan.
De ferkeap is foar Oerol in protest tsjin it beleid fan it ryk. It festival fynt dat it ryk de wearde fan festivals net erkent en dat it te min jild krijt. "It ministearje sjocht tefolle nei 'moadegrillen'."