'Zwaga mei yn 2006 wer farre'

10 feb 2003 - 00:00

De skippers fan de SKS stelle út om Ulbe Zwaga foar fiif jier út te sluten, wêrfan twa jier ûnder betingst. Dat soe betsjutte dat de Ljouwerter skipper wer yn 2006 meidwaan mei. Oant dy tiid mei er net op in SKS-skûtsje meifarre.

It bestjoer fynt dit útstel akseptabel. Op de ledegearkomte fan 1 maart wurdt der oer praat. Zwaga wie útsletten om't er stikem de mêst fersterke hie. Ek hie er yn de media it bestjoer en de organisaasje fan de silerij misledige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)