Plysjes moatte wapen ynleverje

10 feb 2003 - 00:00

Sa'n santich plysjes yn Fryslân ha har fjoerwapens ynleverje moatten. Se ha de jierlikse sjittest net helle of net dien. It giet benammen om plysjeminsken dy't gewoanwei op kantoar wurkje of minsken dy't al in skoft siik thús sitte.

Lanlik wurdt sjoen hoe't it stiet mei de sjitfeardichheid fan de plysjes. Lêsten moasten fiifhûndert plysjeminsken yn Den Haach har wapens ynleverje om't se min skeaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)