Jorritsma nei Delfsyl

© Omrop Fryslân
Annemarie Jorritsma wurdt waarnimmend boargemaster yn Delfsyl. Boargemaster Haaksman (VVD) stapt op yn de Grinzer gemeente. Oanlieding is de krityk fan de ynspeksje fan it ministearje fan VROM op de gemeente. Der wie ek sprake fan in fersteurde relaasje mei de ried. Trije wethâlders stapten al op.
De Boalserter âld-minister fan ekonomyske saken naam yn jannewaris nei de Twadde Keamerferkiezingen ôfskied fan de lanlike polityk.