Wurk oan dyk Drachten - Twizel

10 feb 2003 - 00:00

De provinsje begjint dizze wike mei wurksumheden oan de provinsjale dyk tusken Drachten en Twizel. De Betonwei, it Jachtfjild en de Langwyk krije in nije asfaltlaach. Op de krusing mei de Blauhústerwei nei Surhústerfean komt in rotonde.

It wurk duorret mear as in jier. It ferkear kin sa út en troch lêst ha fan de wurksumheden. Mei yngong fan septimber wurdt de dyk in skoft hielendal foar it ferkear ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)