Literêr festival op Skier

09 feb 2003 - 00:00

Op Skiermûntseach is tiisdei en woansdei in skriuwersfestival. Mei 'Schrijvers om de Noord' komme fyftjin skriuwers nei it Waadeilân. Op ferskate lokaasjes lêze se foar. It is de twadde kear dat Stichting Noorderbreedte it festival hâldt.

De bydragen binne yn it Frysk, Drints en Grinzers. De Nederlânsktalige skriuwers ha in bân mei Noard-Nederlân. Nij is in bydrage yn de taal fan it eilân, it Skiermûntseagersk.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)