Postma liedt nei twa ôfstannen

08 feb 2003 - 00:00

Ids Postma liedt nei twa ôfstannen it klassemint op it WK allround yn Sweden. De 5000 meter waard wûn troch Gianni Romme yn in tiid fan 6:42:67. Hy stiet tred yn it klassemint. Twad op de fiif kilometer waard Rintje Ritsma. Ek yn it klassemint stiet de Lemster twad. Mark Tuitert stiet fyfde nei twa ôfstannen.

Mei noch twa ôfstannen op snein, de 1500 en 10.000 meter, liket Romme de bêste kânsen op de wrâldtitel te hawwen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)