Klassen liedt nei twa ôfstannen

© Omrop Fryslân
De Nederlânske froulju steane nei twa ôfstannen op it WK allround yn de subtop. Annemarie Thomas stiet sande yn it tuskenklassemint. Se waard 15e op de trije kilometer. Marja Vis stiet achtste en Renate Groenewold tsiende yn it tuskenklassemint. Se is wat heal en start mooglik snein net.
De Kanadese Cindy Klassen liedt it klassemint nei de earste dei yn Sweden. Se wie twad op de 3000 meter dy't wûn waard troch de Dútse Claudia Pechstein.