Sluting azc min foar ûnderwiis

© Omrop Fryslân
De sluting fan it azc yn Snits hat ek gefolgen foar it ûnderwiis oan jonge allochtoanen. Dat seit rektor Dijksterhuis fan skoalmienskip Magister Alvinus. Op de Snitser skoalle wurdt al in pear jier ûnderwiis jûn yn de saneamde Ynternasjonale Skeakelklasse.
De skoalle komt meikoarten mei ferskate plannen oer de takomst fan it ûnderwiis foar jonge flechtlingen. Op de skoalle wurkje fyftjin dosinten yn it flechtelingen-ûnderwiis.