Koupearre pups werom by de baas

© Omrop Fryslân
De sân yn beslach nommen bouvierpups fan Henk Rouwkema binne werom yn Droegeham. De hûntsjes waarden twa wike ferlyn troch de Bistebeskerming yn beslach nommen, om't de sturten koupearre wiene. Dat mei net yn Nederlân.
Kenneleigner Rouwkema seit lykwols dat er de bisten behannelje litten hat yn België en dat is net strafber. Wannear't de strafsaak foar de rjochtbank tsjinnet, is noch ûnbekend.