Alde mûne krijt mooglik oar plak

07 feb 2003 - 00:00

B en W fan Boarnsterhim wolle hast 200.000 euro útlûke foar de restauraasje en ferpleatsing fan de Polsleatmûne yn Akkrum. De mûne is fan 1849 en stiet op yndustryterrein De Spikerboar. Nei ferwachting sil dat útwreidzje en dat is net goed foar de mûne, want dy stiet der no al min by.

It bouwurk kriget in nij plak op in terrein oan 'e Nije Skou. De gemeenteried moat noch wol gear oer de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)