PvdA yn aksje foar asylsikers

06 feb 2003 - 00:00

De PvdA wol dat minister Nawijn fan Yntegraasje de Amelanner asylsikers helpt. De PvdA fynt dat Nawijn yngean moat op 'e inisjativen fan de gemeente Amelân en de provinsje Fryslân om de eilanner asylsikers te stypjen.

De SP wol ek dat it COA 'humaner' omgiet mei de Amelanner asylsikers. CDA en VVD binne lykwols fan betinken dat it ryk him net mei de bedriuwsfiering fan it COA bemuoie moat fanwege de mooglike presedintwurking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)