Nij fak: Frysk en Kultuer

06 feb 2003 - 00:00

Fjouwer skoallen foar fuortset ûnderwiis wolle in nij eksamenfak ûntwikkelje: Frysk en Kultuer. It giet om Bogerman yn Snits, Piter Jelles yn Ljouwert, Singelland yn Drachten en it Dockinga Kolleezje yn Dokkum.

Yn it nije fak moat de klam lizze op kultuer, twataligens, taalbehearsking en literatuer. Troch de taallessen Frysk te kombinearjen mei lessen oer de Fryske kultuer wolle de skoallen mear learlingen foar it Frysk ynteressearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)