Van Hest wint maratonreedriden

06 feb 2003 - 00:00

Roel van Hest út Apeldoorn wûn woansdei yn Grins de santjinde Essentmaraton. Hy wie de sterkste yn 'e einsprint fan fjirtjin man. De Frânsman Cedric Michaud waard twadde, klassemintslieder Jan Maarten Heideman tredde. Op it fyfde plak kaam Jeroen de Vries fan Sint Nyk en sechsde Bert-Jan van der Veen fan De Jouwer.

Yn it tuskenklassemint stiet de nasjonaal kampioen op keunstiis achter Heideman en Michaud op it tredde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)