Undersyk nei opskuor Aldwâld

© Omrop Fryslân
It gemeentebestjoer fan Kollumerlân sil prate mei de minsken dy't belutsen wiene by it opskuor mei âld-en-nij yn Aldwâld. Sa moat boppe tafel komme wat him no krekt ôfspile hat en hoe't soks tenei tefoaren kaam wurde kin.
Aldjiersnacht rûn in skeel tusken in groep ynwenners en de plysje folslein út de hân. Neffens de plysje en de brânwacht makke it publyk har it wurkjen ûnmooglik. De Aldwâldsters kleie oer it hurde plysje-yngripen.