Tryater presintearret programma

05 feb 2003 - 00:00

Hans Man in't Veld, de nije artistyk lieder fan Tryater, hat grutte plannen mei Tryater. De opfolger fan Jos Thie wol mear toanielspilers en regisseurs by it toanielselskip krije.

Tiisdei joech Man in't Veld in koarte presintaasje fan de nije foarstellings dy't Tryater takom seizoen op de planken bringt. Yn oktober wurdt it seizoen iepene mei in 10-dagen duorjend festival mei as titel: WOLKOM. Mei Krysttiid komt der in famyljeproduksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)