Kenniskampus Ljouwert giet troch

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert giet troch mei it ûntwikkeljen fan de Kenniskampus oan de Rengerslaan yn de stêd. Wethâlder Krol fertrout derop dat de finansjele hiaten yn it plan oplost wurde.
Ljouwert, de provinsje en NHL, CHN en Van Hall fine de Kenniskampus fan grut belang foar it ûnderwiis yn Nederlân. Dochs is de finansiering fan it prestizjieuze plan noch lang net rûn. De gemeente tinkt dat de kampus yn 2010 folslein klear wêze sil.