Foksejacht tastien yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Der mei ynkoarten wer jage wurde op de foks yn Fryslân. Deputearre Steaten ha besletten dat dat op twa wizen kin. Under betingsten mei der oerdei jage wurde. Dy bepaling jildt earst foar twa jier. De kommende twa jier mei mei in ûntheffing ek nachts mei keunstljocht jacht makke wurde op de foks.
Neffens de nije floara- en faunawet is de jacht op de foks ferbean. De wet biedt lykwols útsûnderingsmooglikheden. De provinsje makket dêr no gebrûk fan.