PCB's yn sleat Noardburgum

© Omrop Fryslân
In sleat by Noardburgum is swier fersmoarge mei PCB's. Dat hat Wetterskip Lauwerswâlden ûntdutsen. De gemyske stof PCB kin skealik wêze foar de folkssûnens. De fersmoarging kaam oan it ljocht by in rûtinekontrôle fan baggerslyk.
Fierder ûndersyk moat útwize hoe grut it fersmoarge gebiet is en wat de gefolgen binne foar de folkssûnens. Ek moat noch dúdlik wurde wêr't de stoffen weikomme.