Riedslid giet nei oare partij

04 feb 2003 - 00:00

It CDA en de FNP fan Wûnseradiel hawwe krityk op riedslid Van der Werf fan GrienLinks. Frou Van der Werf is oerstapt nei de SP, wylst se yn 'e rie bliuwt foar GrienLinks.

Op sa'n wize komt de suverheid fan 'e polityk yn it geding, sa fine it CDA en de FNP. Boargemaster Piersma en GrienLinks sizze dat it gjin probleem is. De oerstap fan Van der Werf soe gjin ynfloed hawwe op de gong fan saken yn 'e ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)