Snits: Frysk pjutteboartersplak

04 feb 2003 - 00:00

Der is yn Snits grutte belangstelling foar Frysktalige pjutteboartersplakken. Woansdei begjint yn 'e Wetterpoartestêd pjutteboartersplak it Berneroefke. Mei tolve pjutten is dy groep al fol en der steane ek al bern op 'e wachtlist.

Snits hie oant no ta allinnich Nederlânsktalige boartersplakken. Undersyk wiisde út dat der ek belangstelling is foar Frysktalige pjutteboartersplakken. It Berneroefke sit yn basisskoalle De Driemaster.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)