VVD: jild provinsje foar 'heak'
As it oan de VVD leit lûkt de provinsje ekstra jild út om de oanlis fan 'e heak om Ljouwert nei foaren te heljen. Dat sei VVD-listlûker Ton Baas moandei by de de start fan 'e VVD-kampanje foar de steateferkiezings. Hoefolle jild de provinsje krekt yn 'e heak stekke moat woe Baas net kwyt.
Ferkearswethâlder Waanders fan Ljouwert is bliid mei de stipe fan 'e Fryske VVD. Mar neffens Waanders is it nije kabinet no earst oan set.