Spannende dei foar skoalbern

© Omrop Fryslân
Foar 4700 Fryske skoalbern is tiisdei in spannende dei. De CITO-toets stiet op it program foar de learlingen út groep acht. De toets wurdt op 310 skoallen dien. Bern moatte mearkarfragen ynfolje op it mêd fan taal, rekkenjen en wrâldoriïntaasje.
De skoare wurdt brûkt as rjochtline foar de kar fan it fuortset ûnderwiis. De útslaggen fan de toets wurde lanlik publisearre. Dat is foar de skoallen ek spannend om te sjen wêr't se steane.