Rêdingsboat sit sûnder skipper

© Omrop Fryslân
De rêdingsboat fan Lauwerseach sit fan july ôf sûnder skipper. Skipper Anno Baas hâldt der dan mei op, omdat er 60 jier wurdt. Baas hat al 5 jier langer trochwurke as eins wenst is, want der is gjin opfolger te finen.
It rêdingsstasjon siket no yn gearwurking mei de Keninklike Nederlânske Reddings Maatskippij (KNRM) in frijwilliger om de taak fan Baas oer te nimmen. Dy moat lykwols wol yn Lauwerseach wenje.