Frachtweinstellerij nimt ta

© Omrop Fryslân
Transportbedriuwen wurde hieltyd faker it slachtoffer fan kriminaliteit. Sa ferdwine ladingen út frachtauto's of wurde sels hiele auto's stellen. Dat meldt noardlik foarsitter Boonstra fan Transport en Logistiek Nederland. Troch de tanommen skea gean de fersekeringspremies mei tûzenen euro's omheech. Boppedat easket de fersekering mear en djoerdere befeiliging fan de eigen terreinen. De plysje docht neffens Boonstra noch net genôch.