Ruten ynslein mei foarhammer

03 feb 2003 - 00:00

Yn Hurdegaryp is in 57-jierrige Tytsjerker oanhâlden dy't mei in grutte foarhammer de ruten fan in kafee ynsloech. Hy hie yn de kroech spul krige mei ien en woe mei him op de fûst.

Doe't dy oare dat wegere, helle de fertochte de hammer út syn auto wei en kinkele fjouwer ruten fan it kafee yn. Dêrnei naaide er út. De plysje hat de man eefkes letter fan hûs helle en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)