Mear briedende leppelbekken

03 feb 2003 - 00:00

It tal briedende leppelbekken op Skylge is ferline jier bot tanommen. Steatsboskbehear hat 227 briedpearen teld. Dat binne hast 50 prosint mear, ferlike mei de jierren derfoar.

Der meie dan wol mear aaien útbred wurde, yn 2002 binne ek in soad jongen deagien. Dat kaam troch de hege wetterstân en troch it kâlde en wiete waar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)