VVD stipet 'ammoniakboeren'

© Omrop Fryslân
De VVD wol dat feehâlders sa folle mooglik ûntsjoen wurde yn de Ekologyske Haadstruktuer. Der jildt in beheining foar de útstjit fan ammoniak, dy't yn 'e dong sit.
In 190 feehâlderijen komme yn in 250 meter brede beskermingszône te lizzen. Dat stiet de ûntwikkeling fan dizze boerebedriuwen yn it paad, want de pleatsen sitte aansen 'op slot', sa seit de VVD. De partij sil hjiroer oan Deputearre Steaten fragen stelle.