Vlasveld wint EK wintertriatlon

03 feb 2003 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Marianne Vlasveld fan Reahel is snein yn it Slowaaske Donovally foar de tredde kear Europeesk Kampioen wintertriatlon wurden. Wintertriatlon is in kombinaasje fan hurdrinne, fytse en langlaufe.

Vlasveld wie te sterk foar har grutte rivale Sigrid Lang út Dútslân. Vlasveld naam ôfstân by it fytsen en rûn by it langlaufen fierder út.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)