Flyers yn 'e race foar play-offs

02 feb 2003 - 00:00

De Fryske iishockeyploech Formido Flyers hat sneon yn in spannende wedstriid fan Geleen wûn. Op Thialf waard it 5-4 nei perioadestannen fan 0-0, 2-0 en 3-4. Marcel Nijland wie de útblinker by de Friezen.

Mei dizze winst binne de Flyers noch altyd yn 'e race foar de play-offs. Amsterdam stiet dik boppeoan en stoomt ôf op it earste plak. Foar de Flyers sit der mooglik in twadde plak yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)