Keunstiisbaan yn Drachten

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is sneon in keunstiisbaan iepene. De baan is 15 by 30 meter en sil der net lang lizze. De hiele moanne febrewaris kinne de Drachtster dêr telâne, dêrnei moat er fuort. De baan is in inisjatyf fan Sportbedriuw Smellingerlân dy't syn 5-jierrich bestean fiert. Se hoopje op 5000 oant 10.000 besikers.
Reedrydclub De Kluners sil de bern les jaan. As it in sukses wurdt, wurdt de iisynstallaasje mooglik oankocht.