Eksploitant Dúndelle hâldt op

© Omrop Fryslân
Eksploitant Evert Wilstra fan swimbad- en hoarekakompleks Dúndelle yn Bakkefean hâldt der mei op. Hy sil de oerienkomst mei de gemeente Opsterlân meikoarten opsizze. In syktocht nei in nije eksploitant leit foar de hân, mar it doarp sels is ek yn 'e race om in part fan it behear oer te nimmen.
Bakkefean wurdt hjiryn advisearre troch Vellinga fan 'e gearwurkjende doarpshuzen. It doarp Bakkefean hat grut belang by Dúndelle.