Anker: 'bargetriennen justysje'

31 jan 2003 - 00:00

Advokaat Wim Anker beskuldiget justysje fan it gûlen fan bargetriennen. Hy seit fiif jier lyn al warskôge te hawwen foar gefaarlike sitewaasjes yn de finzenissen.

In soad plak yn de finzenis wurdt ynnommen troch minsken dy't op in TBS-behanneling wachtsje. Sa ek de man dy't in meiwurkster deastuts yn De Marwei. De ferbjustere reaksjes fan justysje fynt Anker bargetriennen, sa seit er yn Brekking fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)