Fersmoarge fûgels spiele oan

31 jan 2003 - 00:00

Sike en deade fûgels binne oanspield op de strannen fan de Waadeilannen. De bisten sitte ûnder in tin laachje oalje. It is noch net dúdlik oft de oalje út it skip Assi Eurolink komt. Dat fergie ferline wike yn de Noardsee. It kin ek fan de Tricolor komme.

Meiwurkers fan sintrum De Fûgelpits binne drok mei de smoarge fûgels. De bisten binne neffens Wiersma yn goede kondysje. De oanspielde bisten binne in foarboade fan in ramp, seit Wiersma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)