Neiteam keapet âld-fabryk DE

31 jan 2003 - 00:00

Twa neikommelingen fan Douwe Egberts ha in âld fabrykspân fan DE op De Jouwer kocht. Hessel Douwe en Egbert Douwe de Jong wolle it kultureel erfguod foar it neiteam bewarje. Se wolle der in teeskinkerij of galery yn ha. Oan de bûtenkant mei net folle feroare wurde

Douwe Egberts kocht it fabryk yn 1912. It wie it earste gebou bûten it sintrum fan it doarp dêr't er mei in stokerij en in pakhûs begûn. Yn oktober die de kofjemakker it pân fan de hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)