Trije Skylgers op top fan berch

© Omrop Fryslân
Trije klimmers fan de Skylger ploech ha tongersdeitejûn de top fan de Aconcagua helle. Laurens Conijn, Wim Jonker en Jan Sieko Mast berikten de heechste berch fan Súd-Amearika. De top leit op in hichte fan hast sântûzen meter.
De oare fjouwer leden fan de klimploech Frans Tersmette, Jetze de Beer, Paul Logemaan en Piet Huisman, moasten opjaan. Op dat momint wienen se noch mar in heale kilometer fan it heechste punt ôf.