Blau-Wyt krijt keunstgersfjilden

© Omrop Fryslân
Kuorbalferiening Blau-Wyt op It Hearrenfean moat in diel fan har fjilden ynleverje. De grûn is nedich foar de bou fan in nije brânwachtkazerne.
De klub is der bliid mei want se krije der twa keunstgersfjilden foar werom fan de gemeente. Dan binne se ôf fan it minne wedstriidfjild. De feriening moat der wol sels oan meibetelje. Blau-Wyt wol de nije fjildkompetysje al op de nije fjilden spylje.