Kromkamp hâldt der mei op

29 jan 2003 - 00:00

Jan Eise Kromkamp hâldt nei dit seizoen op mei maratonreedriden. De 48-jierrige rider út Wolvegea makke dat bekend yn Eastenryk. Hy is dêr om't it maratonpeloton dêr rydt.

Kromkamp wûn yn 1991 de Rottemerentocht en yn 1996 de ronde fan Loosdrecht. Hy wûn trije wedstriden op keunstiis yn syn karriêre. Noch fiif wedstriden ferskynt er op it iis as lid fan de PGM formaasje. It is noch net dúdlik wa't it âldste lid fan de ploech opfolget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)