Betonfabryk mei subsydzje hâlde

© Omrop Fryslân
In subsydzje fan goed 550.000 euro mei Noord Beton yn Drachten hâlde. De oerheid kin de ynvestearringspreemje net weromfreegje. Oer de subsydzje is wat spul om't it jild brûkt is foar de bou fan in betonsintrale dy't amper draaid hat.
Doel fan in ynvestearringspreemje is om de ekonomy sterker te meitsjen en de wurkgelegenheid te stimulearjen. It jild kin net werom frege wurde om't it fabryk noch yntakt is.