Meiwurkster Marwei deastutsen

29 jan 2003 - 00:00

Yn finzenis De Marwei yn Ljouwert hat in finzene woansdei in meiwurkster delstutsen. Sy is om it libben kaam. Mei in skerp foarwerp stuts er yn op de begeliedster fan de ôfdieling Scholing en Vorming. Wat der krekt bard is, ûndersiket justysje noch.

De finzene sit op in ôfdieling dêr't minsken mei swier psychyske stoarnissen sitte. Nei alle gedachten komt it stekwapen fan de ôfdieling dêr't finzenen handenarbeid dogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)