Postma wint skate-off foar WK

29 jan 2003 - 00:00

Ids Postma hat him yn in skate-off mei winst op de 1500 en in twadde plak op de 5000 meter as fjirde pleatst foar it WK-allround yn Göteborg op 8 febrewaris. De striid yn de skate-off op Thialf om it fjirde startbewiis gie tusken Van der Rijst, Uytdehaage, Verheijen, De Jong en Postma.

Romme, Ritsma en Tuitert pleatsten har al earder foar it WK. Van der Rijst giet mei as reserve.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)