Spul om akwadukt Galamadammen

© Omrop Fryslân
De provinsje is lulk op Nijefurd, no't dy gemeente oanjûn hat gjin jild te hawwen foar de oanlis fan it akwadukt by Galamadammen. De gemeente soe twa miljoen euro bydrage moatte oan de finansiering. Deputearre Van Klaveren fynt dat op in totaal fan 24 miljoen euro in 'schijntje'.
As Nijefurd by syn wegering bliuwt, dan sil de provinsje oare opsjes ûndersykje lykas in knipepunt by De Lemmer, sa seit Van Klaveren.