Fermiste Naomi wer teplak

© Omrop Fryslân
De 4-jierrige Naomi is werom by har mem yn Boelensleane. It famke wie sûnt ein novimber ferdwûn, nei't har heit har fan skoalle helle hie. Har heit en mem hiene de relaasje ferbrutsen.
De fermissing fan it famke waard ferline wike nei bûten brocht en krige in protte omtinken yn de media. Tips nei oanlieding fan it programma Plysjepost brochten mem en dochter wer by-elkoar.