Boek 'Leave Deade' presintearre

28 jan 2003 - 00:00

Tiisdei is it earste eksimplaar presintearre fan it boek 'Leave Deade'. It wurk, mei 100 Fryske fersen oer de dea waard presintearre op it stedhûs yn Snits.

Oer de dea wurdt mear skreaun as praat. Miskien om't it makliker is om tinzen oan papier ta te fertrouwen as oan in minske. Baukje Wytsma en Tineke Steenmeijer-Wielenga hellen út 300 Fryske bondels de 100 moaiste fersen oer it ferstjerren en ôfskied nimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)